Rapport Frysk op Skoalle kritysk

De ûnderwiisynspeksje sil hurder optrede tsjin skoallen dy't har net hâlde oan de easken op it mêd fan it Fryske taalûnderwiis. Ut in freed presintearre rapport fan de ynspeksje docht bliken dat seis persint fan de basisskoallen en goed 23 persint fan it fuortset ûnderwiis net of net genôch oandacht hawwe foar it Frysk.
De skoallen dêr't it om giet kinne neffens de ynspekteur-generaal in besite fan de ynspeksje ferwachtsje.