Plysje grypt yn op 'e Jouwer

© Omrop Fryslân
In groepke manlju en in frou ha tongersdei foar oerlêst soarge yn in restaurant oan de Midstrjitte op 'e Jouwer. De groep woe yn it restaurant ite, mar koe gjin tafel krije omdat de saak fol siet. Dêrop waard in tal klanten lestich fallen en dat soarge foar grutte ûnrêst by oare besikers.
Dy ferlieten it restaurant. Ek waard in diel fan it ynterieur fernield. Uteinlik binne seis manlju oppakt, mar de plysje slút mear oanhâldings net út.