Mangelknippe bêste op 't Fean

29 sep 2006 - 11:08

Alden dy't de mangels by har bern ferwiderje litte wolle, kinne it bêste nei sikehûs De Tjongerschans op It Hearrenfean. Dat is de konklúzje fan in ûndersyk fan it Konsumintebûn.

De Tjongerschans ynformearret de âlden it bêste oer pinebestriding en it nuchter wêzen foar de operaasje. Ek wurde de bern fersoarge troch berne- ferpleechkundigen en fynt der in petear foar de operaasje plak mei de anesthesist.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)