Skiere guozzen meie ôfsketten

29 sep 2006 - 10:21

Skiere guozzen dy't hjir simmerdeis bliuwe, meie fan it ministearje fan lânbou ôfsketten wurde. Dat mei yn it hiele lân ek yn it briedseizoen, sa hat minister Veerman bekend makke. Yn Fryslân briede skiere guozzen yn De Deelen, SW-Fryslân en de Lauwersmar.

De frijstelling foar de jacht op de skiere goes kin Fryske boeren tûzenen euro's kostje om't se dan de skea net mear fergoede krije. Neffens har wurdt dy skea net foarkommen troch de jacht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)