Gemeenten wolle mear ynwenners

© Omrop Fryslân
Fryske gemeenten moatte net ynsette op it binnenheljen fan elkoars bewenners. Eekonoom Wim Derks fan de universiteit fan Maastricht hat ûndersyk dien nei de ûntwikkeling fan de befolking yn de kommende jierren en derút docht bliken dat de groei der hast út is.
Gemeenten binne foar har ynkommen ôfhinklik fan de befolkingsgroei. Dêrom besykje hieltyd mear gemeenten nije bewenners earne oars wei te heljen.