Grutte kâns dat Ritsma trochgiet

De kâns dat reedrider Rintsje Ritsma fan De Lemmer trochgiet is grut. Hy beslút yn oktober definityf oft hy trochgiet. Hy wol sjen oft hy noch it nivo hat om goed mei te dwaan en dat liket oant no ta wol goed. As hy start op it NK-ôfstannen dan makket hy it reedrydseizoen gewoan ôf.
It Amsterdamske telekombedriuw Sponsor Sitel.nl heakke tongersdei ôf as sponsor fan Ritsma. Dat nijs kaam neffens Ritsma net as in ferrassing.