Plysje siket tsjûge oanranding

28 sep 2006 - 17:58

De plysje is op syk nei in tsjûge dy't woansdeitejûn foarkaam hat dat in man him oan in 18-jierrich famke fergripe soe. Dat barde om likernôch 22.45 oere op it Saailân by it Ruterskertier yn Ljouwert.

De fertochte is in 47-jierrige man út Ljouwert. Hy is letter oanhâlden. De tsjûge dêr't de plysje nei op syk is, hat de dieder safier krigen dat er it famke gean liet. It giet om in man mei in tinte hûdskleur fan midden 20 jier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)