Stifting Aan Zet hat jild nedich

28 sep 2006 - 17:36

Stifting Aan Zet yn Ljouwert is tongersdei selsstannich wurden. Dat waard fierd, mar tagelyk waard ek de boadskip jûn dat de stifting hurd jild nedich hat. It tal frijwilligers en dielnimmers oan de projekten groeit sa fluch dat Aan Zet slachtoffer driget te wurden fan har eigen sukses.

By Aan Zet wurkje sa'n hûndert minsken mei in handikap. Se dogge wurk foar bygelyks it Maatjesprojekt en lotgenoatekafees yn Fryslân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)