Grutte ferliezen foar sikehuzen

De help oan net-fersekerden kostet de Fryske sikehuzen tsientûzenen euro's, want de measten krije dit jild net werom. By it MCL yn Ljouwert giet it om in kwart miljoen euro, by de Tjongerskâns op It Hearrenfean giet it om in ferlies fan sa'n 50.000 euro.
Nij Smellinghe tinkt sa'n 70.000 euro kwyt te wêzen. By it Antonius yn Snits giet it om sa'n 80.000 euro, mar sy krije dit fergoede fan de fersekerder. Dat giet lykwols net op foar it MCL.