'Befolkingsgroei hoecht net'

In Fryslân sûnder befolkingsgroei is net in ramp, mar in kâns. Dat sei deputearre Anita Andriesen tongersdeitemiddei op in sympoasium oer rûmtlike oardering yn Ljouwert.
Ut ferskate prognoazes docht bliken dat der hieltyd minder groei sit yn de befolking. Dat betsjut dat de doarpen en stêden net in soad mear útwreidzje sille. Neffens Andriesen bliuwt dêrtroch it iepen karakter fan de provinsje bewarre.