11 films op Biltsk filmfestival

28 sep 2006 - 16:29

Op it allerearste Biltske filmfestival binne op 14 oktober alve ferskillende films te sjen. It giet om filmkes fan in lytse sân minuten, mei as tema Rembrandt van Rijn. Dit jier wurdt wiidweidich betocht dat de ferneamde skilder 400 jier lyn berne is.

De filmkes op It Bilt meie ek gean oer syn frou, Saskia Uylenburgh. Sy binne troud yn Sint Anne. It is de bedoeling dat der tenei ien kear yn de 2 jier in filmfestival hâlden wurdt op It Bilt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)