Koopman mooglik nei Fryslân

28 sep 2006 - 13:33

It transportbedriuw Koopman út it Grinzer Noordhorn komt mooglik nei Fryslân. It bedriuw mei goed 600 man personiel wol eins ferhúzje nei in nij bedriuweterrein yn Leek, mar de provinsje Grinslân leit dwers.

It bedriuw sjocht dêrom ek om nei mooglike alternativen. De provinsje Fryslân is dêrby de wichtichste kandidaat. Koopman Logistics hat njonken Noordhorn ek festigingen yn Amsterdam en Nijkerk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)