Famylje mei gjin dowen fiede

© Omrop Fryslân
De famylje Tabak yn de Vredeman de Vriesstrjitte yn Ljouwert mei yn in straal fan 2 kilometer om har wenning hinne gjin dowen mear fiede. Dat hat de rjochtbank tongersdei besletten.
It meldpunt oerlêst hat 5 moanne lyn in brief rûnstjoerd yn de wyk mei de oprop mei te dwaan yn in gerjochtlike proseduere tsjin de famylje Tabak. De dowen soargje foar oerlêst om't se alles ûnderskite. It echtpear mei allinich noch dowen yn hokjes hâlde.