Undersyk Frysktalige websides

28 sep 2006 - 12:03

Fryske ynternetters kieze net gau foar in webside yn de Fryske taal. Dat docht bliken út in ûndersyk fan it Hearrenfeanske ynternetbedriuw Tres. Mar 18% fan de manlju en 10% fan de froulju jout oan dat se in Frysktalige side ferkieze boppe in Hollânsktalige.

Fierder kieze jongeren noch minder gau as âlderen foar in Fryske webside. Tres hat it ûndersyk útfierd om har klanten better advisearje te kinnen oer gebrûk fan it Frysk op har webside.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)