Ferleging ôffalheffing H'fean

© Omrop Fryslân
Ynwenners fan gemeente It Hearrenfean hoege fan takom jier ôf minder te beteljen foar it opheljen fan ôffal. Dat docht bliken út de begrutting dy't it kolleezje fan B&W foarlein hat oan de gemeenteried.
It ferleegjen fan de bydrage is mooglik om't yn de ôfrûne jierren folle bettere resultaten helle binne as ferwachte by it opheljen fan âld papier en it skieden fan ôffal by de miljeustrjitte.