Famke (17) ferwûne by ûngelok
In 17-jierrich famke út Oldemarkt yn Oerisel is woansdeitemoarn ferwûne rekke by in ûngelok yn Sonnegea. It famke ried op har brommer en botste yn in bocht tsjin in motorrider oan.
It slachtoffer gong ûnderút en rekke ferwûne oan in knibbel en foet. Se is mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs. De motorrider kaam mei de skrik frij.