Taalworkshops op VMBO Kollum

20 mrt 2012 - 12:12

Tachtich persint fan de nije VMBO-learlingen op it Lauwers Kolleezje yn Kollum sit ûnder it winske nivo fan it Nederlânsk lêzen en skriuwen. De ôfrûne trije jier is dêrom bot ynvestearre yn Nederlânske lês- en skriuwles. It is direksje en dosinten slagge om 60 persint fan de learlingen yn klas 3 wer op it winske taalnivo te krijen.

Foar guon learlingen is it Nederlânsk harren twadde taal en wurdt yn de measte gefallen it Frysk brûkt. Tiisdei waarden op it Lauwers Kolleezje ferskate taalworkshops hâlden.

Sa kinne bern graffityteksten meitsje en leare SMS-gedichten te skriuwen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)