Maatregels tsjin oerlêst jeugd

27 sep 2006 - 22:54

De gemeente Dantumadiel komt mei in pakket maatregels dy't derfoar soargje moatte dat de jongerein yn Noardeast-Fryslân net langer foar oerlêst soargje kin. It giet ûnder oare om warskôgingen en bekeuringen. Ek wurdt der sjoen nei gaadlike sport- en hingplakken foar de jeugd en foar foarljochting oer drank en drugs.

De oarsaak fan de oerlêst soe wêze dat de jeugd te folle frije tiid hat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)