Try-outs 'De astronaut'

© Omrop Fryslân
De try-outs fan it stik 'De astronaut en de ster' fan Arling en Arling wurde woansdei en tongersdei opfierd yn De Harmonie yn Ljouwert. It teaterstik foar bern en har âlden is in folslein Noardlike produksje.
De Fryske aktrise Nynke Heeg spilet ien fan de twa haadrollen. Snein is de premjêre yn De Harmonie. Op woansdei 15 novimber wurdt it stik yn De Lawei yn Drachten opfierd.