Undersyk sedesaak tiisdei klear

27 sep 2006 - 10:51

It ûndersyk dat Skarsterlân docht nei in 56-jierrige sede-delinkwint op De Jouwer sil nije wike tiisdei klear wêze. Dat hat in wurdfierder fan de gemeente bekendmakke.

De gemeente en de GGD Fryslân ûndersykje oft de man yllegaal bern opfangt yn syn hûs. Dat wurdt dien nei oanlieding fan berjochten yn de buert oer syn ferline. De man sels seit ea belutsen west te hawwen by in sedesaak, mar dat er net de dieder wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)