Sneonsmerk yn Bilgaard

27 sep 2006 - 10:30

Yn de Ljouwerter wyk Bilgaard komt tenei alle sneonen in merk. Undernimmers fan de ôfbaarnde Bilgaardpassaazje kinne dêr mei in kream har guod ferkeapje. De merk is in inisjatyf fan de gemeente Ljouwert.

Dy wol de ûndernimmers, mar ek de wykbewenners temjitte komme sa lang as der noch gjin nij winkelsintrum is. Dat kin noch wol even duorje, want de plannen dêrfoar moatte noch ûntwikkele wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)