Bankpersoniel wist fan plannen

Personiel fan de Friesland Bank is it iens mei de reorganisaasje, ek kinne dêrby ûntslaggen falle. Der komt no dúdlikens oer de takomst, is de miening. Doel fan de feroaring is om mear tiid frij te meitsjen foar klanten. No slokt de administraasje de measte tiid op.
De ûndernimmingsried is al in skoft op de hichte fan de plannen. Dêrom komme de feroarings de meiwurkers net oer it mad.