Aksje foar it Nedersaksysk

De gemeenten East- en Weststellingwerf fiere tegearre mei de provinsjes Drinte, Oerisel en Grinslân aksje foar it behâld fan it Nedersaksysk. De gemeenten en provinsjes ha tiisdei in petysje oanbean oan de fêste keamerkommisje foar Ynlânske saken.
Yn dy petyskje freegje de partijen dat it Nedersaksysk in gelikense status as it Frysk krijt; offisjeel hjit dat erkenning yn diel trije fan it Hânfêst foar Minderheidstalen.