Legionella yn Ljouwerter swimbad

Yn swimbad It Kealledykje yn Ljouwert is legionella oantroffen. De baktearje sit yn de groepsdûsen en yn de dûs foar mindervaliden. De romtes binne ôfsletten en ûndersocht wurdt hoe't de baktearje bestriden wurde kin.
De legionella yn It Kealledykje kin longûntstekking feroarsaakje. Minsken dy't dêr mear as trije wike lyn swommen hawwe, kinne net mear siik wurde. Froulju yn ferwachting rinne gjin ekstra risiko.