Liet-Lavlut live op ynternet

Der is in soad belangstelling fan de media foar sjongfestival Liet-Lavlut, it eardere Liet Ynternasjonaal. It festival is dit jier op sneon 14 oktober yn Sweden. It Sweedske radiostasjon P2 sil it festival live útstjoere op de radio én op ynternet.
Foar de publykspriis kin ek fia ynternet stimd wurde. Dit betsjut dat fans fan de Fryske dielnimmer Van Wieren de band op ôfstân folgje en stypje kinne.