Iepenbier ferfier ûnder de lûp

25 sep 2006 - 22:23

It iepenbier ferfier- en konsuminteplatfoarm ROCOV wol de prestaasjes fan it Fryske iepenbier ferfier better yn kaart bringe. Op dit momint komt it wol gauris foar dat reizgers in oansluting misse. Fierders soene bussen, benammen yn 'e spitsoeren, te fol sitte.

It is net de bedoeling dat allinnich mankeminten de oandacht krije. Ek saken dy't goed gean, komme nei foaren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)