Man moanne dea yn flat

25 sep 2006 - 16:05

In 39-jierrige man út Ljouwert hat in moanne dea yn syn flat lein. De man is ferstoarn oan de gefolgen fan hert- en nierproblemen. Dat hat de plysje witte litten.

De man hie net in protte omgong mei oare minsken. Op in stuit kamen der dochs bekenden oan de doar, mar der waard net iependien. Sy warskôgen dêrop de plysje. It lichem is mei help fan de brânwacht fuorthelle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)