Ramkreak by juwelier Frjentsjer

25 sep 2006 - 14:58

By in ramkreak by juwelier Kramer yn Frjentsjer is foar goed fiif ton oan sieraden meinaam. Sneintenacht om fjouwer oere ramden nei alle gedachten trije manlju it rollûk mei in auto. De doar waard dêrnei ynslein en yn twa minuten tiid waard de etalaazje leechhelle.

De kreak is fêstlein troch in bewakingskamera. De plysje docht ûndersyk. Juwelier Kramer wie net tsjin in kreak fersekere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)