Fryske wettereksperts nei Easten

Fryske wettereksperts sille Bulgarije en Roemenië helpe mei it opsetten fan nije wetterprojekten. Yn de nije lannen fan de EU is in grutte efterstân op it gebiet fan wetterkwaliteit en ôffalwetter.
De Fryske oerheid en ferskate Fryske bedriuwen sille har kunde op it gebiet fan wetter ynsette. Alle partijen binne by-inoar yn it Cartesius Instituut yn Ljouwert om in konkreet plan op te stellen.