Manlju oanholden foar fernieling

25 sep 2006 - 10:10

De plysje hat moandeitemoarn twa Snitsers oanhâlden dy't fertocht wurde fan fernielerij. In tsjûge hie de plysje belle om't de manlju by in kantoar oan de Hoogend op 'e ruten sloegen en auto's fernielden.

De plysje wie der gau by en koe de twa oanhâlde. Ien fan har sette it lykwols flink yn 'e kant en koe net earder as nei in wrakseling en it brûken fan pepperspray oerbrocht wurde nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)