Strjitrôf yn Ljouwert

25 sep 2006 - 10:07

De plysje ûndersiket in strjitrôf op de Nijstêd fan Ljouwert. Twa Ljouwerter jonges fan 14 en 15 jier binne sneontenacht op de hoeke fan de Nijstêd mei de St. Jacobsstrjitte berôve troch trije ûnbekende jonges.

Dy ûntnaderen har sigaretten, mobile telefoans en beurzen. Ien fan de slachtoffers waard ek yn it gesicht slein. De fertochten binne trije jonges fan 15 oant 17 jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)