Pijper twadde op EK

© Omrop Fryslân
Gersbaanracer Theo Pijper is snein twadde wurden op it Europeesk Kampioenskip. Yn it Frânske La Reole einige hy efter de Dútser Stephan Katt. Dirk Fabriek fan Jobbegea waard tredde. Jannick de Jong fan De Gordyk waard achtste.
Fanwege it minne waar moast it EK in dei útsteld wurde. Dêrtroch wurdt de finale fan it Nederlânsk Kampioenskip yn Roden, mei Fabriek en De Jong, letter riden.