Nachtflinter-nacht grut sukses

© Omrop Fryslân
De twadde nacht fan de nachtflinter ôfrûne sneon is in grut sukses wurden. Goed 300 minsken ha in besite brocht oan ien fan de alve lokaasjes yn Fryslân dêr't in ekskurzje hâlden waard.
De nacht fan de nachtflinter wie in inisjatyf fan de flinterwurkgroep Fryslân yn gearwurking mei oare flinterwurkgroepen. Yn Fryslân waarden goed 25 soarten sjoen. De opfallendste wie de 'Windepijlstaart'-flinter.