Fernielings yn Stiens

24 sep 2006 - 16:25

Trije manlju ha sneintemoarn foar in soad oerlêst soarge yn Stiens. Sa soene se ûnder oare in brievebus en in reklameboerd fernield ha. Ek soene se fytserekken midden op de dyk set ha, mei fytsen smiten ha en in stikmannich bannen leechrinne litten ha.

En ek flagen wiene net feilich foar de rêddraaiers. De plysje hat de trije 16-jierrige jonges oanhâlden en oerbrocht nei it buro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)