Wierstra twadde yn Amersfoort

24 sep 2006 - 14:58

Hurdfytser Frank Wierstra fan Burgum is sneon twadde wurden yn de Groeistad Klassieker yn Amersfoort. Hy ferlear yn de sprint fan Ben van der Kooi.

De wedstriid yn Amersfoort wie de lêste fan de beloftekompetysje. It einklassemint waard wûn troch Wim Botman. Bêste Fries wie Wim Stroetinga fan Aldeberkeap mei in sânde plak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)