Fryske berneboeken tige populêr

24 sep 2006 - 12:09

De Fryske berneboeken binne tige populêr yn de Sutelaksje. Fan it harkboek 'Tomke yn 'e bistetún' binne wyks goed 500 ferkocht. Dat meldt stifting It Fryske Boek.

Fierder docht de biografyske roman 'Een brogge van glas' fan de Stellingwerver skriuwer Johan Veenstra it goed. Nei trije wiken suteljen is der foar goed 91.000 euro oan boeken ferkocht. Moandei binne de sutelers ûnder oare yn Tytsjerk en Bartlehiem.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)