Fetter-monumint ûntbleate

It bankje ta de neitins fan Manuel Fetter is sneontemiddei ûntbleate yn Ljouwert. De 32-jierrige Fetter waard twa jier lyn mei 14 messtekken om it libben brocht. Hy spruts twa manlju oan dy't in bierfleske stikken smieten.
Der hat in soad diskusje west oer it plak dêr't it bankje komme moast. Uteinliks is keazen foar in plak op it Waachplein. Njoggen jier lyn waard Meindert Tjoelker yn de binnenstêd deaskopt. Ek dêr waard by stilstien.