Boetes foar ride mei drank

23 sep 2006 - 16:04

By alkoholkontrôles yn Ljouwert en Snits hat de plysje yn de nacht fan freed op sneon achttjin minsken op de bon slingere. Op de Oostergowei yn Ljouwert kontrolearre de plysje hast 800 bestjoerders.

Njoggen fan har krigen proses-ferbaal en trije moasten ek nochris it rydbewiis ynleverje. Yn Snits waarden 700 bestjoerders kontrolearre. Ek dêr krigen njoggen minsken in boete.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)