Unrêst op Súdkade yn Drachten

23 sep 2006 - 15:18

De plysje hat ôfrûne nacht twa Drachtsters (23 en 30 jier) oanholden foar bedriging en mishanneling. Op de Súdkade yn Drachten hiene se in 47-jierrige man út Ie mei in mes bedrige en klappen jûn.

Even letter hat de plysje op de Súdkade in ynwenner (32) fan Mearum en in Burgumer (18) oppakt. Se soene in Drachtster en in ynwenner fan Surhústerfean yn inoar slein ha. De Drachtster (22) rekke dêrby ferwûne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)