Part langste graffitymuorre ôf

23 sep 2006 - 14:41

Dit wykein wurdt yn Ljouwert it earste part fan it bespuitsjen fan de langste graffitymuorre fan Nederlân ôfrûne. Dat part fan de muorre hat as tema reizgjen nei it ûnbekende.

It tema hat alles te krijen mei it feit dat dizze muorre oan it spoar leit by de Wijnhornsterstrjitte yn Ljouwert, flakby it stasjon. It stik fan de 185 meter lange lûdsmuorre is sneon troch 20 spuiters omtsjoene yn in grut keunstwurk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)