Bistepensjon fan Talant iepene

23 sep 2006 - 12:57

21 minsken mei in handikap wurkje op De Gordyk yn it nije bistepensjon Matu. Sneontemoarn waard it pensjon offisjeel iepene en koe elk in rûnlieding krije. Yn it pensjon kinne 30 hûnen en 10 katten útfanhûzje.

It pensjon is ûnderdiel fan Talant, in organisaasje dy't soarch en stipe jout oan ferstanlik handikapten. De kliïnten fan Talant fersoargje de bisten, himmelje of jouwe allinnich omtinken oan de hûnen en katten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)