Jongeren ûndersykje fiskstân

23 sep 2006 - 12:50

Jongeren ûndersykje sneon en snein mei kor-netten de fiskstân lâns de Noardseestrannen. De leden fan de 'Nederlandse Jeugdbond voor Natuurstudie' slepe de netten troch it ûndjippe seewetter en skriuwe op wat se fongen ha.

It is de tsiende kear dat de kor-fiskerij hâlden wurdt. Sadwaande wurdt ek besjoen hoe't de fiskstân feroaret. Yn Fryslân wurdt der fiske op Skiermûntseach.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)