Schreijer nimt guozzeskea op

CDA-keamerlid Annie Schreijer-Pierik komt moandei nei de Súdwesthoeke om de skea op te nimmen dy't guozzen dêr feroarsaakje. Sy is foarsitter fan de fêste keamerkommisje foar lânbou.
Yn Warkum, Gaast en Piaam sil se mei boeren en jagers prate. Boeren fiele har beheind om't se de fûgels hieltyd minder opjeie meie. De jagers wolle wol kûgelgewearen brûke yn stee fan hagelgewearen. Deasketten guozzen soene dan nei restaurants kinne.