Gearwurking tsjin leararetekoart

© Omrop Fryslân
Sân Fryske skoallen sille tegearre besykje it driigjende tekoart oan leararen yn Fryslân tsjin te gean. De skoallen hawwe tegearre in nije organisaasje opsetten om it sykjen fan nij personiel op te pakken. In spesjale webside en in mienskiplik personielsburo moat benammen leararen út de rânestêd hjir hinne helje.
Ek op finansjeel mêd en yn it oplieden fan it personiel sille de skoallen tenei mear gearwurkje.