De Haan ropt H'feanspilers op

© Omrop Fryslân
Bûnskoach Foppe de Haan fan Jong Oranje hat twa Hearrenfeanspilers selektearre. It giet om keeper Boy Waterman en rjochtsback Gianni Zuiverloon. Oranje spilet 10 oktober in oefenynterlân tsjin Jong Denemarken. Op 6 oktober spilet Jong Oranje tsjin Oranje ûnder de 21.
Foar dat team binne ek twa spilers fan Hearrenfean oproppen: keeper Agil Etemadi en Henrico Drost, dy't op dit stuit útliend is oan Excelsior.