Boalsert ûndersiket gearwurking

22 sep 2006 - 14:25

Boalsert krijt fan 'e provinsje ien jier de tiid om de mooglikheden foar bestjoerlike gearwurking mei buorgemeentes te ûndersykjen. Dat ha de politike partijen besletten yn oerlis mei Kommissaris Nijpels.

Boalsert hat in eigen stappeplan makke foar it ûndersyk. Fiergeande gearwurking en sels weryndieling wurde net útsletten. De ried sil prate mei rieden fan buorgemeentes. Ek komme der publike debatten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)