Steigenga plysjesportman 2006

22 sep 2006 - 14:16

Hurdfytser en plysjeman Sierd Steigenga fan Eksmoarre is huldige troch korpssjef Foeke Wagenaar fan plysje Fryslân. Begjin septimber waard de hurdfytser troch syn kollega's fan de plysje útroppen ta plysjesportman fan it jier.

Steigenga hat dit jier oant no ta fjirtjin wedstriden wûn. Ek wûn er de ynternasjonale plysjetrijedaasje yn Grinslân. Steigenga waard alris earder Plysjesportman fan it jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)