Adema listlûker ChristenUnie

22 sep 2006 - 12:32

Piet Adema(41) fan Drachten wurdt de nije listlûker fan de ChristenUnie by de kommende steateferkiezings. Adema wurdt dêrmei de opfolger fan Rein Adema, dy't de lêste acht jier de foaroanman fan de kristlike partij wie. Ald-wethâlder Sicco Boorsma fan Dongeradiel stiet twadde op de list.

Steatelid Albert Oostland stiet op it tredde plak. De hjoeddeiske steateleden Rein Ferwerda en Otto van der Galiën komme net werom.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)