Bou plysjeburo Skier giet troch

© Omrop Fryslân
De bou fan it nije plysjeburo op Skiermûntseach kin foarearst trochgean. It fersyk fan omwenners by de Raad van State om in boustop is op neat útrûn.
De rjochters fine dat de boufergunning foar it nije buro terjochte ferliend is troch de gemeente Skiermûntseach. Benammen omdat der gjin grutte flaters fûn binne yn it advys fan wolstânskommisje Hûs en Hiem oer it nije gebou.