Hearrenfean út bekertoernoai

© Omrop Fryslân
Sportclub Hearrenfean leit út it lanlike bekertoernoai. De ploech fan trainer Gertjan Verbeek ferlear tongersdeitejûn mei 2-0 fan Roda JC. Beide ploegen lieten yn de earste helte fierste min sjen.
Dat byld feroare nei it doelpunt fan Adil Ramzi foar de ploech út Kerkrade yn de 69e minút. Yn de ekstra tiid makke Jamaique Vandamme foar Roda JC dien wurk.